Ut de bocht flein op oprit A7

In 19-jierrige automobiliste út Wjelsryp is woansdeitejûn by de A7 fan de dyk rekke. Op de oprit Oerterp fan de A7 rjochting Grins drige se út de bocht te fleanen. Doe't se hurd remme ferlear se de macht oer it stjoer. Se botste mei de auto op in beam en hie dêrnei pine yn de nekke. De frou is nei it sikehûs yn Drachten ta brocht.
De 20-jierrige Frjentsjerter dy't by har yn de auto siet, kaam der mei in bloednoas ôf.