Fytsen fernield by stasjon

Twa jonges út Ljouwert fan 17 en 18 jier en in jonge (18) út Hurdegaryp binne woansdei oppakt foar fernielerij. By it treinstasjon yn Camminghabuorren yn Ljouwert hiene se fytsen fernield.
In tsjûge seach dat se in fyts yn it wetter smieten en warskôge de plysje. Dy seach dat de jonges ek noch sadels der ôfhelle hiene en op strjitte goaid hiene. De jonges krigen in boete, moasten alle sadels wer op 'e fytsen sette en de fyts út it wetter helje.