Fryske keatsers nei Spanje

In Fryske keatsseleksje reizget tongersdei ôf nei Pamplona om mei te dwaan oan wat de Champions League fan it ynternasjonale keatsen wurde moat. Yn de Spaanske stêd wurdt dizze wike foar it earst it keatstoernoai de Coupe de Champions hâlden.
Taeke Triemstra, Johan van der Meulen, Marten Feenstra, Pier Piersma, Dirk-Yde Sjaarda en Renze Pieter Hiemstra binne selektearre foar de ploech. De wedstriden sette freed útein, snein is de finale.