FNP skriuwt brief oan Donner

Minister Donner krijt in brief fan de FNP-fraksje fan de nije gemeente SWF. De fraksje is it net iens mei hoe't de minister de nije fúzjegemeente evaluearje wol. Der is ôfpraat dat ûndersocht wurdt hoe't de fúzje foar de ynwenners útpakt.
De FNP wol dat de situaasje yn de âlde gemeenten fergelike wurdt mei dy yn de nije. Minister Donner wol de situaasje sa as it no is fergelykje mei dy oer trije jier