Akkoart oer besuniging natuer

De provinsjes en it ryk hawwe in akkoart sluten oer de natuerbesunigings. Der is ôfpraat dat de ekologyske haadstruktuer (EHS) wol ôfmakke wurdt. Wol is it pas trije jier letter klear as pland, yn 2021. It gebiet wurdt ek lytser, 600.000 yn plak fan 700.000 bunder.
Fan 2014 ôf binne de provinsjes ferantwurdlik foar de gebieten. Se krije der alle jierren 100 miljoen euro mear foar as earst de bedoeling wie.