SULT giet woansdei oer

21 sep 2011 - 15:00

De foarstelling fan teatergroep SULT op it strân by Starum giet woansdeitejûn net troch. Neffens Pieter Stellingwerf fan de teatergroep is hurde wyn en rein foarsein. De foarstelling oer kening Redbad wurdt derom útsteld nei tongersdei.

SULT hat earder lêst hân fan it minne waar. By in stoarm stoarte in kastiel yn dat neiboud wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)