Gaslek by Izore yn Ljouwert

21 sep 2011 - 10:16
(Foto: Robertjan Boonstra)

Der hat woansdeitemoarn in gaslek west by Izore oan de Jelsumerstrjitte yn Ljouwert. Dat is it sintrum foar ynfeksjesykten. It lek ûntstie by sloopwurk.

Fanwege it lek moast al it personiel, sa'n 100 minsken út it gebou. De dyk wie ek ôfset. Dêrnei is it gas ôfsletten en it gebou luchte. It personiel koe nei in lyts oere wer oan it wurk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)