Boys stunte tsjin Willem II

20 sep 2011 - 22:54

Topklasser Harkemase Boys hat foar in geweldige stunt soarge yn de twadde ronde fan de KNVB-beker. Op Sportpark De Bosk waard Willem II nei ferlinging mei 4-2 oan de kant setten.

Willem II kaam op in 2-0 foarsprong troch goals fan Schreurs en Van Zaanen. Fjouwer minuten foar tiid makke Roel van der Meulen de 1-2 en yn de blessueretiid makke Erdem Yeni 2-2. Yn de ferlinging waard it noch moaier. Oebele Schokker en Rob van Bunderen skeaten de Boys in ronde fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)