Nij fytspaad by Aldegea (GS)

20 sep 2011 - 22:15
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Gaasterlân-Sleat is dizze wike begûn mei de oanlis fan in nij fytspaad tusken Aldegea en 't Flinkeboskje. By de Venenwei wurdt in feilige oerstek makke en der komt in fersmelling yn de dyk. Njonken de besteande brêge oer de Woudvaart komt in houten fytsbrêge.

Mei it nije paad is in nije skeakel lein yn it fytspadenetwurk yn de gemeente. It paad is 2,8 kilometer lang en twa meter breed. Foar de kryst giet it fytspaad iepen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)