Ferwûnen by ûngelok Ie

20 sep 2011 - 22:01

Op de N358 by Ie is tiisdeitejûn in auto mei fiif minsken deryn oer de kop slein en yn de feart bedarre. Twa fan de ynsittenden rekken dêrby ferwûne. Ien fan harren, nei alle gedachten de bestjoerder, is der slim oan ta.

Hy is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. De N358 - de Humaldawei tusken Mitselwier en Ingwierrum - hat yn beide rjochtings ôfsletten west. De ynsittenden komme allegear út Noardeast-Fryslân. Tsjûgen kinne har by de plysje melde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)