SC Hearrenfean bekert troch

20 sep 2011 - 21:04

SC Hearrenfean hat tiisdei de tredde ronde fan it bekertoernoai helle. De Feansters wûnen de útwedstriid tsjin VVV Venlo mei 2-0.

Dy stân stie al nei tweintich minuten spyljen op it boerd. De goals kamen fan Luciano Narsingh en Bas Dost. Yn de twadde helte koe Hearrenfean de wedstriid rêstich útspylje. VVV Venlo wie net by machte om de Feansters sear te dwaan. Trije dagen earder wûn Hearrenfean foar de kompetysje al mei 3-0 fan VVV Venlo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)