Rekôroantal dielnimmers Expo

20 sep 2011 - 14:19

Der is dit jier in rekôroantal dielnimmers by de bedriuwekontaktbeurs Expo Noardeast Fryslân yn Dokkum. Mear as 130 boubedriuwen, enerzjyadviseurs, autoferkeapers en oare bedriuwen yn de detailhannel hawwe har oanmelden.

Yn 1987 waard Expo Noardeast Fryslân foar it earst hâlden, doe noch yn Easternijtsjerk. De lêste tiid is de beurs yn Dokkum. De organisaasje is sels wat fernuvere oer de grutte belangstelling. It evenemint duorret 4 dagen en begjint op 6 oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)