Saak Smedema even stillein

De foarsitter fan de rjochtbank yn de saak Smedema is ûnder de sitting net goed wurden. In kollega hat dêrop besletten de saak tydlik te ûnderbrekken. Dit wie tidens it pleit fan ien fan de advokaten. De foarsitter hat syn eksús oanbean. Hy sei dat hy blykber slachtoffer wurden is fan in lytse ynsinking.
Tiisdei is de fjirde dei fan de rjochtsaak tsjin de fertochten fan de dea fan Redmar Smedema út Burgum. Ien fan de advokaten hat frijspraak frege.