Brân stjoermêst net strafber

20 sep 2011 - 12:30

Der binne gjin strafbere feiten oan it ljocht kaam yn it ûndersyk nei de brân yn de stjoermêst yn Hoogersmilde op 15 july. Dat docht bliken út it ûndersyk fan de plysje dat tiisdei ôfsletten is.

Der binne tsjûgen heard en der is technysk ûndersyk dien. Derneist hat de plysje de útkomsten fan oare ûndersiken meinaam yn har eigen ûndersyk. By de brân is in grut part fan de mêst ynstoarten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)