Mear dielname Lekker Fit

20 sep 2011 - 11:43

De basisskoallen yn Opsterlân en East- en Weststellingwerf dogge dit skoaljier mei oan it projekt Lekker Fit Fryslân. Dêryn krije de bern les oer sûn ite en bewege. Fuotballers fan SC Hearrenfean jouwe fuotballes oan learlingen fan de groepen sân en acht.

De bern kinne ek yn de kunde komme mei sportferienings yn harren buert. It projekt Lekker Fit Fryslân rint al langer. Der dogge hieltyd mear skoallen oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)