Besunigings: minder kliïnten'

20 sep 2011 - 11:26

Troch de besuniging fan hast 600 miljoen euro op de geastlike sûnenssoarch, sille folle minder minsken in berop dwaan op de soarch. Dêrfoar warskôget Verslavingszorg Noord Nederland. De ynstelling hâldt rekken mei 10 oant 30 prosint minder kliïnten.

VNN hat 1600 kliïnten dy't daliks 200 euro eigen bydrage betelje moatte en 5100 pasjinten dy't 350 oant 1400 euro kwyt binne. As sy ôfheakje, sil de ynstelling banen skrasse moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)