Nij jeugdhonk Moarre-Ljussens

19 sep 2011 - 20:17

De jeugd fan Moarre en Ljussens krijt dochs einlings in nij jeugdhonk. Moandeitejûn hawwe se dêrfoar symboalysk de skeppe yn de grûn setten. Yn Dongeradiel moatte dit jier alle yllegale keten en jeugdcaravans ferdwine. Dêr moatte legale ûnderkommens foar weromkomme.

Yn Moarre en Ljussens wurdt op it keatsfjild tusken beide doarpen in nij jeugdhonk boud. De kosten fan 200.000 euro wurde betelle troch provinsje, gemeente en de eigen ynwenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)