Kupkes biologyske kofjemolke

19 sep 2011 - 14:20

It suvelbedriuw Zuivelrijck fan René van der Veen yn Rotstergaast sil biologyske kofjemolke yn kupkes op de merk bringe. It bedriuw bestiet sûnt twa jier en hat him benammen talein op it meitsjen fan biologyske kofjemolke. Dêrfoar hat it kontrakten sletten mei in grut suvelkonsern yn Dútslân.

Sûnt trije moanne wurde de cupkes mei biologyske kofjemolke ferkocht yn de hoareka. En no wol Van der Veen se ek yn de natuerwinkels en supermerken ferkeapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)