Te Loeke keept, v/d Heide mist

Keeper Robbert te Loeke (foto: Dirk Jan Haarsma)
Keeper Robbert te Loeke makket tiisdei yn de bekerwedstriid tsjin Zwolle syn debút foar Sportklup Cambuur. Hy ferlear de striid fan earste keeper Marco Bizot, mar Te Loeke is wol oanwiisd foar de bekerwedstriden.
Cambuur moat it nei alle gedachten wol stelle sûnder oanfierder Sandor van der Heide. Hy hat lêst fan de haksine. 'In principe speelt hij niet', seit trainer Alfons Arts. Mohamed El Makrini nimt it plak fan Van der Heide op it middenfjild yn.