Heskes foar útdielen medisinen

19 sep 2011 - 10:34

Ferpleechkundigen fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hawwe tenei in spesjaal heske oan by it útdielen fan medisinen oan de pasjinten. Dêrmei moat de kâns op flaters ôfnimme. Op de achterkant fan de heskes stiet 'niet storen, ik deel medicijnen'.

It sikehûs ferwachtet dat troch de heskes de ferpleechkundigen minder faak steurd wurde. Ut lanlik ûndersyk hat bliken dien dat medikaasjeflaters it meast foarkomme ûnder it útdielen en tatsjinjen fan de genêsmiddels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)