Feanster rydt oare auto's oan

19 sep 2011 - 10:25

In 48-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is dit wykein syn rydbewiis kwytrekke. Minksen hiene sjoen dat er mei syn auto midden yn de nacht op de Poststrjitte tsjin oare auto's oanried.

Omstanners bellen 112. Op de oprit nei de sneldyk A32 koe de man oanhâlden wurde. Hy hie tefolle dronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)