Triemstra wint Aldehoupartij

18 sep 2011 - 17:38

De Aldehoupartij, de lêste keatspartij fan it jier, is snein yn Ljouwert wûn troch it partoer fan Martijn Olijnsma, Taeke Triemstra en Thomas van Zuiden. Op sportpark Sonnenborgh waard de finale mei 5-3 en 6-2 wûn fan Menno van Zwieten, Renze Pieter Hiemstra en Jouke Bosje.

De lytse preemje wie foar Michiel Scheepvaart, Karel Nijman en Daniël Iseger. Taeke Triemstra waard mei 62 punten klassemintswinner. Hy waard snein ek kening fan de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)