Frou mei auto yn sleat

18 sep 2011 - 17:28

Op de Keningswei yn Feankleaster is sneontejûn in 24-jierrige automobliste út De Westereen mei de auto yn de sleat bedarre. Troch noch ûnbekende oarsaak ferlear de frou de macht oer it stjoer, rekke se fan de dyk en yn de sleat.

Helptsjinsten hawwe har út de auto helle. Se is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs yn Dokkum brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)