Ferlies foar Snits WS

De goal fan Snits Wyt Swart (foto: sportfotografie Klaas Hijlkema)
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart Boso Sneek hat snein ferlern fan Rohda út Raalte. Op sportpark Tinga starte de thúsploech sterk en yn de 18e minút skoarde Daniël Zwart de 1-0. Acht minuten letter makken de besikers gelyk út in frije traap. It winnende doelpunt foel omdat Snits-keeper Theo Timmermans by in frije traap mistaaste: 2-1.
It wiene foar de besikers de earste doelpunten yn de kompetysje. Snits WS hat fjouwer punten út trije wedstriden.