Brander wint NK tiidriden

18 sep 2011 - 16:40

Tiidrider Jan Brander fan Oerterp is snein Nederlânsk kampioen wurden yn it Drintske Vries. Hy kaam by de masters 34 tellen rapper oan as de nûmer twa Rein Oppewal fan Snits.

Yn dizze kategory foar manlju fan sechtich jier en âlder wie der noch in fiifde en sechde plak foar Marten Nijmeijer fan De Lemmer en Bonne Dijkstra fan Feanwâlden. De masters fytsten oer in bochtich parkoers dat der wiet by lei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)