Beammekap yn bosk Aldemardum

18 sep 2011 - 15:45

Besikers fan de bosk yn Aldemardum moatte de kommende wiken rekken hâlde mei fallende beammen, Steatsboskbehear is dwaande mei in jierlikse houtkap yn de bosk. Dat wurdt dien om de lytsere planten wer wat sinneljocht en romte te jaan.

It giet yn totaal om 2000 beammen. Om't dat soms beammen fan goed 23 meter binne, kin it gefaarlik wêze. Bepaalde parten fan de bosk binne dêrom de kommende twa wiken ôfset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)