Man skynt minsken yn gesicht

18 sep 2011 - 15:26

In 20-jierrige Hearrenfeanster is sneintemoarn oanholden troch de plysje omdat er fuotgongers en automobilisten yn it gesicht skynde op de Noordkade yn Drachten. De man wie sneintemoarn betiid al warskôge syn bûslampe net te brûken om minsken te narjen, mar hold der net mei op.

In 22-jierige ynwenner fan De Gordyk bemuoide him mei de oanhâlding en waard ek oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)