Balkster mei boksbûgel

18 sep 2011 - 14:24

In 22-jierrige man út Balk is yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden yn Koudum omdat hy in boksbûgel by him hie. Hy wie op in brommer ûnderweis wêrfan't it achterljocht it net die. Doe't de plysje him dêrfoar in stopteken joech, ried er gau en hurd fuort.

Nei in achterfolging koe de plysje de Balkster te pakken krije op de Tjalke van der Walstrjitte. Dêrnei fûnen se de boksbûgel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)