Fytster oanriden yn Snits

18 sep 2011 - 13:41

De plysje siket de bestjoerder fan in lytse swarte auto dy't sneon trochried neidat er in 14-jierrige fytster oanriden hie yn Snits. Dat barde op de Lemmerweg om sawat 13.30 oere.

De fytster hold der in foarse skaafwûn oan oer en de klean wiene skansearre. De plysje freget tsjûgen harren te melden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)