Sera noch net yn finale

© Omrop Fryslân
Sera van der Vijver (11) út Drachten hat har sneontejûn noch net pleatst foar de finale fan it Juniorsongfestival fan de AVRO. Yn de earste heale finale gie de foarkar fan de sjuery en it publyk út nei twa oare kandidaten. Sera kin allinne noch oan de finale meidwaan as se in wildcard krijt. Dêrfoar moat op har stimd wurde fia de webside fan it festival.
De finale is op 1 oktober. De winner giet troch nei de Europeeske fersy fan it festival yn Armenië.