Tredde winst LDODK

17 sep 2011 - 17:25

De kuorballers fan LDODK ha sneon tsjin Amicitia út Vriezenveen de tredde oerwinning yn trije wedstriden pakt. De ploech fan trainer Gerald Aukes wûn út mei 16-9. By rêst stie it 6-3 foar LDODK. Drekt nei de tee rûn de ploech fan trainer Aukes út nei in 9-3 foarsprong.

Woansdei wûn de klup út Terwispel en De Gordyk noch de ynhelwedstriid en de streekderby tsjin SCO mei 16-10.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)