Doarpsflagge Feanwâldsterwâl

Yn Feanwâldsterwâl waard sneon de doarpsflagge presintearre. Dy is ûntwurpen neidat it doarp koartlyn op fersyk fan de ynwenners de doarpsstatus krige. Omdat it doarp yn twa gemeenten leit, wie dat in dreech proses. Begjin dit jier gie nei in jierrenlange striid Dantumadiel akkoart, dizze simmer die ek Tytsjerksteradiel dat.
De offisjele status smyt it doarp noch net safolle op. Sa is der gjin eigen postkoade.