Sineeske les op basisskoalle

17 sep 2011 - 15:54

Yn Ljouwert wurdt wer Sineeske les jûn. De basisskoalle hat oardel jier ticht west om't der te min jild en learlingen wiene. Troch finansjele bydragen fan benammen Sineeske restaurants is sûnt sneon it Sineesk basisûnderwiis nij libben ynblaasd.

Om't it Sineesk bûten it regulier ûnderwiis falt, krijt de skoalle gjin finansjele bydrage fan de oerheid. Mar mei sa'n tweintich bern en sponsorjild kin de skoalle no yn alle gefallen dit skoaljier iepenbliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)