Nij kuierpaad by Olterterp

17 sep 2011 - 12:19

It nije kuierpaad 'Het Van Boelens Ommetje' is it peareltsje fan Olterterp. Dat seit de stichting Bevordering Toerisme Beetstersweach. Sneon waard it histoarysk kuierpaad iepene dat neamd is nei in rike en ferneamde famylje út it doarp, de famylje Van Boelens. Dy hawwe goed fjouwer ieuwen yn Olterterp wenne.

Yn dy tiid hat de famylje in soad bekende gebouwen boud yn Olterterp en De Sweach, lykas It Van Harinxmahûs, Lauswolt en Huize Lindestein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)