Fertochten ynbraak oanhâlden

16 sep 2011 - 21:03

De plysje hat freedtemoarn yn Ljouwert twa mannen fan 36 en 40 jier oanhâlden op fertinking fan ynbraak. In foarbygonger seach de manlju mei allegear guod fytsen. Se kamen by de sporthal oan de Eekswerd wei. De foarbygonger hie sjoen dat de doar fan it gebou iepenbrutsen wie. Hy belle it alarmnûmer en folge it duo.

Doe't se stopje moasten foar in brêge koe de plysje se oanhâlde. Yn in tas waard ynbrekkersark fûn. Se binne foar fierder ûndersyk fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)