Frysk skoalnivo rint achter

16 sep 2011 - 20:39

Fryske middelbere skoalle-learlingen prestearje folle minder goed as learlingen yn de rest fan Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Fryske professor doktor Greetje van der Werf. Se basearret har ûndersyk op in enkête dy't hâlden is ûnder 9000 middelbere skoalle-learlingen. 600 dêrfan komme út Fryslân. Mooglike oarsaak fan it legere nivo is de wize fan lesjaan yn Fryslân. Fryske dosinten stean minder faak sels foar de klasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)