Nije kardiologen Sionsberg

16 sep 2011 - 20:34

De hertôfdieling fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum giet op 1 novimber wer iepen. It sikehûs is deryn slagge om twa nije kardiologen te finen. Dêrmei is it team wer kompleet. De hertôfdieling fan it sikehûs is sûnt ein july sletten.

De ynspeksje foar de folkssûnens hie krityk op de bedriuwsfiering. It mankearre oan in goeie kommunikaasje tusken dokters, pasjinten en personiel. By de sollisitaasjepetearen hat dit ûnderdiel fan it wurk fan de spesjalisten goed oan de oarder west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)