Hearrenfean spilet yn Aldegea

16 sep 2011 - 18:07

SC Hearrenfean spilet op 6 oktober yn Aldegea in oefenwedstryd tsjin Telstar. Se dogge dat as kompensaasje foar de mislearre wedstryd tsjin de Turkske klup Kayserispor. Ofrûne simmer soe Telstar yn Aldegea in oefenwedstryd tsjin Kayserispor spylje, mar de klup heakke ôf omdat it gers te lang wie. VV Aldegea rûn tûzenen euro's skea op.

SC Hearrenfean wie no op syk nei in geskikte lokaasje en kaam út by Aldegea.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)