Noch seis pealsitters oer

16 sep 2011 - 17:36

By it Frysk kampioenskip pealsitten yn Warns is freedtemiddei ien dielnimmer ôffallen. Sietske Dijkstra út Makkum siet der trochhinne en stapte nei 20 oeren en 30 minuten fan de peal.

De oare seis dielnimmers sitte allegearre noch en geane fol goeie moed de twadde jûn en nacht yn. De Amsterdamske dielnimmer Remco Kloppenburg stapte allinnich by de ferplichte pauzes fan de peal. Dêrtroch giet hy no oan de lieding.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)