'Soarchkosten meie net heger'

De kosten yn de soarch meie net folle mear omheech gean. Gearwurking mei oare sikehuzen en merkwurking binne needsaaklik. Dat seit Wander Blaauw fan Soarchgroep Noorderbreedte yn reaksje op de miljoenenota.
It MCL yn Ljouwert nimt dêr in foarskot op. It MCL wol gearwurkje mei De Tjongerskâns op It Hearrenfean en wachtet op tastimming fan de NMa. Yn de miljoenenota stiet ek dat pasjinten yn guon gefallen betelje moatte foar spoed-help.