Soad files yn en by Ljouwert

16 sep 2011 - 16:05

Automobilisten dy't freedtemiddei Ljouwert út wolle, moatte rekken hâlde mei in bysûnder soad drokte op 'e dyk. Dat jildt benammen foar de súdlike rûnwei, de Aldlânsdyk, rjochting it Oostergoplein.

De plysje advisearret automobilisten dêrom om Ljouwert oer it Drachtsterplein te ferlitten. Ek op de autodyk rjochting Harns, de A31, is it tige drok. De helte fan dy dyk is ynrjochte as parkearplak foar besikers fan de iepen dagen fan de fleanbasis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)