Offaloven Harns twa wike stil

De ôffaloven yn Harns leit de kommende twa wiken stil. De oven krijt in grutte ûnderhâldsbeurt. De Reststoffe Enerzjy Centrale REC is sûnt ein maart yn gebrûk. Yntusken is al 100.000 ton ôffal ferbaarnd. De kommende wiken wurdt de oven folslein neisjoen.
Eventuele problemen kinne dan oplost wurde. De REC produsearret by it ferbrânen fan ôffal stoom dat brûkt wurdt troch Frisia Sâlt. Ek dat bedriuw leit op dit stuit stil foar ûnderhâld.