Skipfeartmuseum wer by de tiid

16 sep 2011 - 14:19

It Frysk skipfeartmuseum yn Snits is hielendal klear. Nei in ferbouwing dy't mear as oardel jier duorre, is it museum wer up to date. It hiele museum is ûnder hânnen naam. It meast opfallende is de nije yngong.

Der is ek in hege grutte seal, mei dêryn in folslein optuge tsjotter. De biblioteek is modernisearre en der is in monumintaal pân bykaam. Foar minsken dy't min rinne is it fernijde museum ek better tagonklik. En der is in spesjaal bernemuseum makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)