Jaarsma tsjin boerkaferbod

Ger Jaarsma
Wylst de lanlike VVD oanstjoert op it ynstellen fan in lanlik boerkaferbod is de foarsitter fan de Fryske VVD, Ger Jaarsma, hjir poer op tsjin. De VVD yn Den Haach wol it dragen fan in boerka ferbiede omdat it in gefaar wêze soe foar de feiligens.
It kabinet praat freed ûnder oare oer it boerkaferbod. As it útstel oannaam wurdt komt op it dragen fan de boerka in boete fan 380 euro te stean. Neffens Ger Jaarsma is dit yn striid mei de liberale prinsipes.