Falsk twitterakkount Ankers

16 sep 2011 - 10:34

Der is in falsk twitterakkount aktyf út namme fan advokatekantoar Anker en Anker út Ljouwert. It kantoar lit witte dat it neat mei it akkount fan dwaan hat en dat it him distansearret fan 'e berjochten dy't ûnder de namme AnkerenAnker twittere wurde.

Dizze wike waard in tweet pleatst dêr't krityk yn levere waard op sprekrjocht foar âlders fan misbrûkte bern. It advokatekantoar Anker en Anker stiet Robert M. by, de fertochte yn de grutte Amsterdamske sedesaak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)