Jinstal bêste learbedriuw

Technysk Advysburo Jinstal út Ljouwert is útroppen ta bêste learbedriuw fan Noardeast-Nederland yn de kategory oant 25 meiwurkers. De priis is útrikt troch opliedingsorganisaasje Kenteq. Oan de wedstriid dienen alle bedriuwen fan it midden- en lytsbedriuw mei.
Jinstal mei no nei de lanlike wedstriid dêr't it bedriuw it opnimt tsjin de winners út trije oare distrikten. Jinstal wurket as kennisbedriuw en stipet ynstallaasjebedriuwen.