Yn in tún by in wenning oan 'e Maadsingel yn Appelskea hat de plysje tongersdeitemoarn sân himpplanten fûn. De planten waarden út de tún helle en ferneatige. Tsjin de 36-jierrige bewenner is proses-ferbaal opmakke.