Goeie nacht foar pealsitters

16 sep 2011 - 09:35

De sân dielnimmers oan it Frysk kampioenskip pealsitten yn Warns binne sûnder problemen de earste nacht trochkaam. Wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân joech tongersdeitejûn it startsein foar de sechsde edysje fan dit kampioenskip.

Der binne sân dielnimmers; fjouwer manlju en trije froulju. Der is ek in Amsterdammer by; Remco Kloppenburg. Lykas ferline jier is it FK pealsitten te sjen op pealsitten.nl. It FK duorret oant sneintejûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)