Nij gebou Vitens op Flylân

16 sep 2011 - 07:16

Wetterbedriuw Vitens iepent freedtemoarn op Flylân syn nije produksjebedriuw. It âlde stie der al mear as fyftich jier en wie heechnedich oan ferfanging ta.

Yn it nije gebou wurde de nijste techniken brûkt. Dat betsjut ûnder oare dat der minder kalk yn it wetter sit. Dat wurdt der no better útfiltere. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma iepent it nije gebou. Flylanners kinne der sneon hinne om it te besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)