'Dúdliker wêze oer ID-kaart'

B. en w. fan Ljouwert binne te passyf as it giet om de nije situaasje om de ID-kaart hinne. Dat fynt de Ljouwerter VVD. De Hege Ried bepaalde ferline wike dat gemeenten gjin jild mear freegje meie as minsken in ID-kaart oanfreegje.
Wat it betsjut foar Ljouwerters dy't krekt sa'n kaart kocht ha, bliuwt ûndúdlik, fynt de VVD. Sa is de ynformaasje deroer op de webside net helder. De gemeente moat minsken it jild weromjaan, fynt de VVD.